Home

Wolkom op argyfde4doarpen.nl de histoaryske webside fan Itens, Rien, Lytsewierrum en Hinnaard. Op dizze webside dûke we yn it ferline fan 'de 4 doarpen'. Oan de hân fan ferhalen, foto's, dokuminten en lûdsfragminten bringe wy de skiednis ta libben. Jo lêze hjir oer it deistich libben fan eartiids en no, oer ferieningen en tradysjes, oer wurk en bedriuwichheid en oer de minsken en gebouwen dy't ús doarpen harren eigen karakter jouwe.
Us digitale argyf groeit hieltyd.
Hawwe jo foto’s, dokuminten, ferhalen of oare ynformaasje dy’t fan belang wêze kin foar de skiednis fan ús doarpen? Wy nûgje jo fan herten út om jo bydrage mei ús te dielen.
Mei-inoar kinne wy it ferline noch better yn byld bringe en bewarje foar takomstige generaasjes.
Jo kinne jo bydrage nei ús tastjoere fia e-mail: argyf@de4doarpen.nl
wy nimme by ûntfangst graach kontakt mei jo op.
Sa navigearje jo troch de webside: Fia it menu kieze jo in ûnderwerp dat jo oansprekt. Binnen elk tema kinne jo fierder trochklikke nei spesifike siden en ûnderdielen. Scroll gerêst nei ûnderen om ek foto's en oanfoljende ynformaasje te besjen. Wy hoopje dat jo mei niget om jo hinne sjogge en nije ferhalen ûntdekke op argyfde4doarpen.nl.
Wy bin fan doel om soarchfâldich mei byldmateriaal om te gean, mochten jo beswier hawwe tsjin it brûken fan in namme of foto kinne jo dat by ús oanjaan.
